Thomaslieden moat populêrder

04 des 2010 - 14:19

De klokkekommisje yn Aldhoarne komt mei maatregels om it Sint Thomaslieden populêrder te meitsjen ûnder jongerein.

De klokliedwedstryd is tenei net mear op âldjiersdei, mar in dei earder. De jongeren hawwe it op âldjiersdei te drok mei oare aktiviteiten, lykas karbidsjitten. Der kamen dêrom de lêste jierren hieltyd minder jongeren nei it lieden fan de klok yn it doarp. Ek wol de kommisje mear publyk lûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)