Thomas pakt Olympysk ticket

22 des 2001 - 00:00

Annemarie Thomas mei nei Salt Lake City. Thomas waard sneon op 'e 1000 meter twadde. Yn in spannend duel ferlear se fan Andrea Nuyt mei mar 8-hûndertste fan in sekonde ferskil. Nuyt en Thomas wiene al nominearre. Se binne no wis fan in startbewiis op 'e Olympyske Spullen.

Marianne Timmer waard tredde. Sy krijt grif ek in startbewiis, want Nederlân mei fjouwer froulju starte litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)