Thomas mei nei Seoel

28 feb 2004 - 00:00

Jennifer Rodriguez hat sneon Marianne Timmer ôftroeve yn de striid om de wrâldbeker 1000 meter. De Amearikaanske rydster einige by de wrâldbekerfinale op It Hearrenfean as fjirde op dy ôfstân. Timmer waard fyfde. Dêrmei easke Rodriguez de wrâldbeker op.

De Wyt-Russyske Angelika Kotioega waard earste op de 1000 meter. Annamarie Thomas waard fjirtjinde yn 1.18,11. Dat is genôch foar dielname oan it WK ôfstannen oer twa wike yn Súd-Korea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)