Thomas kloklieden yn Aldhoarne

27 des 2013 - 21:45

It hat 21 desimber west en dus is it wer tiid foar it Thomaslieden. Op tal fan plakken binne de klokken kilometers fier te hearren. It mei de kommende wike alle dagen en nachten. Ek yn Aldhoarne. It giet om in ieuwenâlde tradysje, mei as doel om de kweade geasten fan it hôf te jeien. Freedtejûn waard der oefene foar de wedstriden dy't sneontemiddei holden wurde. De kloklieders wurkje yn teams, want der hinget in grutte en in lytse klok yn de stoel en dy moatte fjouwerkant lieden wurde. Dat betsjut yn de maat en om en om.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)