Thomas Helmholt hâldt op mei it fierljeppen

23 aug 2015 - 15:35
  • Thomas Helmholt (argyffoto)

Fierljepper Thomas Helmholt set in punt achter syn karriêre. De 28-jierrige Burgumer makke dat sneon bekend op it NK fierljeppen yn Vlist. Helmholt naam stylfol ôfskie troch dêr knap de finale te heljen dêr't hy úteinlik as fyfde einige. Earder dit seizoen wûn Thomas Helmholt noch in nasjonale kompetysjewedstryd yn Zegveld mei 20.25 m.

Syn persoanlik rekôr stiet op 20.60 m, en op eardere NK's wist hy twa kear sulver te winnen. Thomas Helmholt komt nije wike sneon noch ien kear yn aksje op de finale fan de nasjonale kompetysje.

Dy wedstriid is yn Polsbroekerdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)