Thomas ferliest sicht op poadium

04 jan 2003 - 00:00

Annamarie Thomas is sneon tredde wurden op de 1500 meter op it EK reedriden. Letter op de dei waard se njoggende op de trije kilometer. Yn it klassemint stiet se fjirde, nei alle gedachten sil se net op it poadium komme.

De Dútse Friesinger wûn sneon beide ôfstannen en stiet mei oermacht op kop, folge troch Pechstein. Groenewold stiet yn it klassemint tredde. Se moat sjen de Dútske Anschutz foar te bliuwen om brûns te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)