Thomas en Postma nei Hamar

06 jan 2002 - 00:00

Op de twadde dei fan it Nederlânsk Kampioenskip Sprint yn Grins waard Annamarie Thomas snein twadde. Dat betsjut dat se wis is fan in startplak by de WK Sprint yn Hamar, op 19 en 20 jannewaris. Twadde en tredde waarden Andrea Nuyt en Marieke Wijsman.

Ek Ids Postma giet nei Hamar foar de 500 en 1000 meter. Hy waard fjirde yn it klassemint by de manlju yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)