Thomas en Groenewold nei EK

22 des 2002 - 00:00

Annamarie Thomas en Renate Groenewold dogge mei oan it EK Allround dat oer twa wike op Thialf ferriden wurdt. Dat waard snein dúdlik op 'e slotdei fan it NK Allround yn Assen. It wie foar Groenewold de twadde kear dat se de titel wûn. Har winst op de 5 km joech de trochslach.

Marja Vis wurdt oanwiisd foar dielname, mar foar Sandra 't Hart wurdt it dreech. Oft Barbara de Loor meidocht, is noch ûnwis. Se hat in rêchblessuere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)