Thomas Dekker fytst yn strânrace op It Amelân

04 mrt 2015 - 16:29
  • Thomas Dekker

Hurdfytser Thomas Dekker stiet dit wykein oan de start fan de strânrace op It Amelân. Dekker die ôfrûne wike noch in oanfal op it wrâldoerrekôr. Dat die er yn Meksiko.

Dekker slút him op It Amelân oan by it Koga Mountainbiketeam. De wedstriid is ûnderdiel fan de KNWU Strandrace Competitie. Yn it ferline kaam Dekker as hurdfytser ûnder oaren út foar Garmin-Sharp en de eardere Raboploech. Foar dat team makke er ek syn debút yn de Tour de France. Op it stuit siket er in nije ploech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)