Thom de Groot frijsprutsen

21 mrt 2006 - 10:05

Feehâlder Thom de Groot fan Grou is moandei frijsprutsen foar mislediging fan ynspekteur Hoekstra fan de bistebeskerming. De rjochter fûn it bewiis net oertsjûgjend genôch. De Groot soe Hoekstra yn in krante-artikel fergelike ha mei in offisier fan de SS. De Groot hat lykwols altyd ûntkend.

Earder al wie der in oanklacht tsjin boer Geert Mast út Aldlemmer. Hy hie Hoekstra beskuldige fan nazipraktiken en krige in boete fan 200 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)