Thijsje Oenema wint earste 500 meter op NK sprint

17 jan 2015 - 15:29
  • Thijsje Oenema (rjochts) yn aksje op de 500 meter tsjin Mayon Kuipers

Thijsje Oenema pakte sneon mei oermacht de winst op de earste 500 meter by it NK sprint yn Grins. De rydster fan De Jouwer sette in winnende tiid fan 38.78 op it boerd en skreau dêrmei in nij baanrekôr op har namme. It sulver gong nei Floor van den Brandt mei har tiid fan 39.12. Margot Boer fan Goaiïngaryp einige mei 39.15 op it tredde plak.

Janine Smit fan It Hearrenfean einige mei 39.40 op it fjirde plak. Anice Das pakte mei 39.46 in kreas sechsde plak. Marrit Leenstra fan Wikel kaam mei 39.59 net fierder as it achtste plak.

Teloarstelling wie der by Ireen Wüst, dy't mei 40.30 trettjinde waard. De froulju kinne har no klear meitsje foar de 1000 meter letter op 'e middei. Snein ride se harren twadde 500 en 1000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)