Thijsje Oenema pakt tredde plak op 500m by wrâldbeker sprint

08 feb 2015 - 15:28
  • Thijsje Oenema

Thijsje Oenema fan De Jouwer pakte snein it tredde plak op de twadde 500 meter by de wrâldbekerwedstriden sprint yn Thialf. Oenema klokte in tiid fan 38.23 en naam dêrmei revâns op har tiid fan sneon, doe't se mei 38,49 njoggende waard. De winst gong nei de Dútse Judith Hesse, dy't mei 38.19 de Sinese Sang-Hwa Lee krekt efter har wist te hâlden. Lee einige as twadde mei 38.21.

De Amerikaanse Heather Richardson, de winneres fan de earste 500 meter sneon, kaam net yn aksje. Sy nimt rêst foar it WK ôfstannen nije wike.

Margot Boer einige mei 38.54 op it sechsde plak. Janine Smit waard mei 39.12 fyftjinde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)