Thijsje Oenema nei wrâldbeker

31 okt 2008 - 17:49

Reedrydster Thijsje Oenema fan De Jouwer hat har by de 500 meter op it NK ôfstannen yn Thialf ferrassend pleatst foar de wedstriden om de wrâldbeker. Oenema ried 39.37 en 39.29 op de beide 500 meters. De 39.29 wie in persoanlik rekord. It wie goed foar in tredde plak yn it einklassemint.

Annette Gerritsen pakte sa as ferwachte it earste plak. Margot Boer waard twadde. Ald Olympysk- en wrâldkampioene Marianne Timmer einige as fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)