Thijsje Oenema nei team Timmer

01 apr 2012 - 15:21
  • Thijsje Oenema (awfoto.nl)

Thijsje Oenema giet by Team Corendon wei en wol fierder by Team Liga fan Marianne Timmer. De Friezinne (23) sei ferline moanne mûnling ta dat se bliuwe soe by de ploech fan Groenewold en Kolder. In wike letter keas se lykwols foar it team fan Timmer.

De Jouster reedrydster helle nasjonale titels op de 500 en 1000 meter en waard tred op it WK op de 500 meter. Oenema nimt it plak yn fan Annette Gerritsen dy't nei de ploech fan Jac Orie giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)