Thijsje Oenema koartebaantitel

07 jan 2009 - 19:45
  • It goud foar Thijsje Oenema

Thijsje_Oenema fan De_Jouwer is woansdei yn Lekkerkerk Nederlânsk kampioene op de koartebaan wurden. Yn Súd-Hollân stiene 24 froulju op de list. Troch it teiwaar wie it iis net mear yn topkondysje.

Yn de finale - de bêste fjouwer - wie Oenema fierwei de sterkste. Se wûn al har trije ritten yn de bêste tiid. Lelie_Koen fan Giethoorn, lid fan de Fryske seleksje waard twadde. Esmeralda_Nieuwendorp (Hoornaar) tredde, Janine_Smit fan H´fean fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)