Thijsje Oenema jout minsken gjin hân mear

27 feb 2015 - 10:26
  • Thijsje Oenema

Reedrydster Thijsje Oenema jout minsken dizze dagen gjin hân mear. De Jouster is benaud dat se siik wurdt, en dat kin se mei it each op it WK sprint fan dit wykein yn Kazachstan net brûke. Oenema is noch net hielendal fit, se hat wat lêst fan de kiel en is wat ferkâlden. Dochs hat de Jouster alle betrouwen yn dit wykein. Se docht no foar de fjirde kear mei. It fjirde plak is har bêste prestaasje oant no ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)