Thijsje Oenema 5e op de 500m

07 des 2013 - 13:32
  • Thijsje Oenema

Thijsje Oenema fan De Jouwer wie ek sneon de bêste Nederlânske reedrydster op de 500 by de wrâldbekerwedstriid yn Berlyn. Oenema waard fyfde yn 38.26, freed waard se by de earste searje sechsde. Margot Boer kaam krekt as freed út op it achtste plak yn 38,50 en Anice Das waard 13e yn 38.87, freed wie se noch njoggende.

De Russise Olga Fatkulina wûn de twadde omloop fan de 500 meter yn 37.92, Beixing Wang waard no twadde en Heather Richardson tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)