Thijsje Oenema 2e yn B-groep

14 nov 2009 - 14:15
  • Thijsje Oenema fan De Jouwer (foto: Martin de Jong)

Reedrydster Thijsje Oenema fan De Jouwer is sneon by de wrâldbekerwedstriden op Thialf as twadde einige yn de B-groep op de 500 meter.

Oenema wie mei 38,87 in tsiende stadiger as de Sineeske winnares Aihua Xing. De winnares kaam oer de streek yn in tiid fan 38,77. It brûns gie nei Laurine van Riessen. Oenema hat kâns te promovearjen nei de A-groep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)