Thijsje Oenema 2e op 500 meter

18 nov 2011 - 11:23

Thijsje Oenema fan De Jouwer is twadde wurden op de 500 meter fan de wrâldbekerwedstriid yn it Russyske Tsjeljabinsk. Se die dat yn in tiid fan 38.22. Margot Boer ferspile troch misslaggen op it lêste rjochte ein in goede klassearring, sy waard 6e yn 38.38. Anice Das fan It Hearrenfean stelde teloar, sy einige op it 22e plak yn in tiid fan 39.47. De Sinese Jing Yu wûn de 500 meter yn 37.81.

Jan Smeekens waard op de 500 meter ek twadde. De ynwenner fan Snits die dat yn 35.01. Dat wie 0,01 sekonde stadiger as de Finske winner Pekka Koskela.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)