Thie nei Paardenkathedraal

05 des 2007 - 11:12
  • Jos Thie

Jos Thie wurdt de nije artistyk lieder fan teaterselskip De Paardenkathedraal yn Utert. Op dit stuit is Thie tydlik direkteur fan Tryater en artistyk adfiseur fan it Oerol-festival.

Yn Utrecht sil Thie oan de slach om fan De Paardenkathedraal in nij teaterselskip foar de regio te meitsjen, sa waard woansdei bekind. Thie bliuwt oant febrewaris by Tryater, want dan begjint Ira Judkovskaya, de nije artistyk lieder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)