'Thialfplannen gean te traach'

01 des 2011 - 12:09

KNSB-foarsitter Doekle Terpstra jout minister Schippers gelyk as sy seit dat in nij Thialf net beslist yn Fryslân hoecht te kommen. Hy fynt dat provinsje en gemeente te lang wurk hawwe fan de plannen.

Deputearre Hans Konst neamde de útspraak fan Schippers in losse flodder en seit dat in definityf plan noch wiken op him wachtsje lit. As Fries soe Terpstra in nij iisstadion graach op It Hearrenfean hawwe wolle, mar hy is bang dat de Fryske bestjoerders it nije iisstadion tusken de fingers trochglippe litte troch besluteleasheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)