Thialfiisrinners betelje boete

22 jun 2009 - 21:27
  • boarne: ANP

De twa manlju dy't yn febrewaris ûnder it EK yn Thialf op it iis kamen, hawwe in boete fan 450 euro betelle oan it reedridersbûn KNSB. Earder krigen beide besikers al in stadionferbod oplein troch Thialf. Ek it KNSB hat harren sa'n ferbod oplein.

Ien fan de mannen kaam ûnder ynfloed fan drank op it iis. In dei letter folge in 25-jierige Amsterdammer yn in bearepak. Dy die dat foar in priisfraach dy't útskreaun wie troch in fabrikant fan in enerzjydrankje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)