Thialf wol simmers topploegen

30 jun 2003 - 00:00

IIsstadion Thialf op It Hearrenfean wol simmerdeis mear topploegen hawwe te trainen. Dêrfoar moat der kommend jier in wike langer simmeriis lizze. Dat sei kommersjeel meiwurker Jan Swier fan Thialf snein op de lêste dei simmeriis dit jier.

It iisstadion hat yn dy twa wike dat der iis wie tusken de 40.000 en 50.000 euro ekstra omset. De wike ekstra iis moat ek mear besite fan rekreative reedriders opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)