Thialf wol shorttracksintrum

14 maaie 2003 - 00:00

Thialf freget finansjele stipe foar de iishal. Mei trije miljoen euro wol Thialf de lytse hal opknappe sadat it stadion útgroeie kin ta it sintrum foar shorttrack yn Nederlân. De KNSB hat al meiwurking tasein.

Earder hie it bûn tasein dat belangrike wedstriden op It Hearrenfean hâlden wurde sille. Thialf kaam ferline jier yn it nijs fanwegen grutte finansjele problemen. Neffens de nije direkteur giet it de goede kant út mei Thialf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)