'Thialf út hannen jûn'

01 jun 2013 - 11:06
  •  John Jorritsma

Fryslân hat de posysje fan Thialf as reedrydmekka sels diels út hannen jûn. Dat seit kommissaris fan de Kening John Jorritsma yn in artikel yn deiblêd NRC. De provinsje hat besluten oer de nijbou fan Thialf te lang foar him útskood, seit Jorritsma. It reedridersbûn KNSB hie nea in soarte wedstriid útskreaun foar it takennen fan de topsportstatus, as Fryslân earder in dúdlike kar makke hie.

No hat de KNSB ek de plannen foar in iisstadion yn Almere en Zoetermeer belutsen yn it beslút oer hokker stadion de trainings kriget foar topreedriders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)