Thialf oanwiisd as troulokaasje

17 jun 2004 - 00:00

Yn iisstadion Thialf kin tenei troud wurde. B en W fan Hearrenfean ha dat bepaald. Ek de tsjerkjes fan Terbant en Ketlik jilde no as troulokaasje. It fersyk fan in partikulier út Ketlik om in pream oan te wizen as troulokaasje is ôfwiisd om't dat net in gebou is.

Yn in hûs fan in partikulier út Hearrenfean mei wol troud wurde. It kolleezje stelt de ried wol foar om it trouwen yn partikuliere huzen yn de takomst net mear mooglik te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)