Thialf krijt WK-allround 2007

15 jun 2004 - 00:00

IIsstadion Thialf op It Hearrenfean mei yn 2007 it WK-allround reedriden organisearje. Dat hat de Ynternasjonale Reedriders Uny, de ISU besletten. It is dan it tredde toernoai op rige dat Thialf organisearje mei. Takom jier is EK-allround op It Hearrenfean en yn 2006 it WK-sprint.

It is dit jier ek wer mooglik om yn 'e simmer op it iis fan Thialf te riden. Fan sneon 19 juny oant mei 9 july leit it simmeriis der klear foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)