Thialf krijt op 'e nij in Fryske Bocht

30 nov 2015 - 07:21
  • It NK sprint en allrount is foar de sneon al útferkocht

IIsstadion Thialf op It Hearrenfean krijt op 'e nij in Fryske Bocht. De direksje sjocht de bocht as earbetoan oan it Fryske reedridersfolk. Begjin dit jier yntrodusearre Thialf ek al de Fryske Bocht yn it âlde stadion. Dat wie doe in súkses.

No wolle direksje en reedridersbûn KNSB it grutter oanpakke yn de noardbocht fan it nije Thialf. Der wurdt in spesjale hoeke reservearre dêr't Friezen sjen litte kinne hoe't se it reedriden belibje. It stadion soarget foar Fryske hapkes en drankjes yn it sfearfak.

Mei de Fryske bocht wol it stadion it histoaryske reedridersgefoel nij libben ynblaze. Neffens direkteur Eelco Derks hawwe Friezen fan it begjin ôf, yn 1967, foar in fantastyske sfear soarge yn Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)