Thialf krijt 5000 sinnepanielen op it dak

21 nov 2015 - 09:14

IIsstadion Thialf op It Hearrenfean krijt 5000 sinnepanielen op it dak. It stadion kin dêrmei foarsjen yn in fjirde fan it enerzjyferlet.

It wie lang ûnwis oft de finansiering fan de panielen helber wie, mar it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy jout in liening fan hast 1,5 miljoen euro. De provinsje jout in subsydzje fan dik 6 ton. Nei it rydseizoen begjint de ynstallateur, dy’t neffens ferwachting foar de simmer klear is.

De duorsum meitsjen fan Thialf is foar it iisstadion sels fan grut belang, om't it enerzjyferbrûk in grutte kostepost is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)