Thialf kriget takom seizoen mar ien ynternasjonale wedstriid

12 apr 2016 - 19:59

Nederlân krijt yn it nije reedrydseizoen mar ien belangrike wedstriid. Thialf hat allinnich in wrâldbekerwedstriid yn desimber tawiisd krigen. De grutte toernoaien binne allegear yn it bûtenlân.

It EK allround wurdt ferriden yn Warschau, it WK ôfstannen yn Gangneung yn Súd-Koreä, dêr't yn 2018 ek de Olympyske Winterspelen binne. It WK sprint wurdt ferriden yn Calgary en it WK allround is tawiisd oan Hamar. De lêste grutte wedstriid is de finale fan de wrâldbekerwedstriden en dy is yn Tsjeljabinsk.

De lêste kear dat der gjin inkeld grut toernoai yn Nederlân ferriden waard, wie yn 2001. Dêrnei wie op Thialf altyd wol in Europeesk of wrâldkampioenskip. It WK allround fan 2018 komt wol yn ús lân, mooglike lokaasje is dan it Olympysk stadion yn Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)