Thialf gjin topsportlokaasje

20 maaie 2013 - 21:39
  • In ympresje fan it nije Thialf

Dat Thialf net keazen wurdt as topsportbaan troch it reedrydbûn KNSB en sportkoepel NOC*NSF, is swier teloarstellend foar Fryslân en It Hearrenfean. Dat is de reaksje fan boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean op it rapport fan de beoardielingskommisje dat moandei útlekte fia de NOS.

De kommisje kiest neffens dat rapport foar de nije Icedôme yn Almere, ûnder oare omdat dat plak better berikber is. Van der Zwan fynt dat net in goed argumint, omdat by Almere krekt faak lange files stean.

Fryslân wie ree om 80 miljoen út te lûken foar fer/nijbou fan Thialf. Deputearre Hans Konst hopet dat de definitive kar fan de KNSB en NOC*NSF noch oars útpakt as yn it útlekte rapport stiet. Tiisdeitejûn krije de trije gadingmakkers - It Hearrenfean, Zoetermeer en Almere - de definitive kar offisjeel te hearren. De provinsje wol oant dy tiid net yngean op it nijs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)