Thialf fol mei stakers

11 mrt 2002 - 00:00

Yn Thialf ha moandei sa'n 3500 boufakkers by-inoar west. Se besochten dêr in aksjebyienkomst, dy't troch de grutte opkomst in grut súkses waard.

De boufakkers út de noardlike provinsjes en har bûnen rôpen de wurkjouwers op om in leansferheging fan 3,75 persint te jaan. De bûnen ha de wurkjouwers in ultimatum steld oant moandei. As dy dêr net op yngean, folgje der aksjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)