Thialf foarearst rêden

25 sep 2003 - 00:00

It fallissemint fan iisstadion Thialf op it Hearrenfean is foarearst fan de baan. It rêdingsplan kin útfierd wurde. De gemeenteried fan it Fean gie woansdei mei in grutte mearderheid akkoart mei de stipe fan 1,8 miljoen euro yn it stadion.

Der waard ek in moasje oannommen om mear jild fan de provinsje los te krijen. Der wie derop rekkene dat de provinsje ek 1,8 miljoen euro jaan soe, mar dy jout acht ton minder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)