Thialf fiert jubileum

03 nov 2007 - 16:05
  • Thialf bestiet 40 jier
  • Jan Ykema yn aksje op houtsjes en yn in lange ûnderbroek (foto Martin de Jong)

IIsstadion Thialf op It Hearrenfean fierde sneon it 40-jierrich bestean mei in reedridersfeest. Om âlde tiden te herlibjen wie der in spekriderij fan foarhinne. De kampioenen fan 'e jierren santich, tachtich en njoggentich rieden yn it baaitsjen himd en lange Jaegerûnderbroek.

Der wiene demonstraasjes keunstriden en pronkriden. Fierders wie der in reuny foar âld-reedriders mei Ids Postma, Jan Ykema en Yep Kramer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)