'Thialf fêste halte meitsje'

18 sep 2012 - 21:22

It stasjon by iisstadion Thialf soe in folweardich stopplak wurde moatte yn de tsjinstregeling. Dat wolle de fraksjes fan ChristenUnie en Partij van de Arbeid yn provinsjale steaten. No stopje de treinen allinne by Thialf as der reedriden wurdt en by grutte eveneminten. Beide partijen tinke dat it stasjon by Thialf handich is foar bewenners fan Hearrenfean-Súd, Wolvegea en de doarpen tusken Wolvegea en It Fean. De tsjinstregeling tusken Ljouwert en Swolle wurdt dochs al feroare, omdat dy trein ynkoarten fjouwer kear yn de oere ride sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)