Thialf: faak falsk alarm

24 nov 2005 - 17:16

IIsstadion Thialf op It Hearrefean nimt maatregels om foar te kommen dat in stadion ûntromme wurdt nei in falsk alarm. It nije brânalarm giet faak ôf wylst der neat oan de hân is. It systeem ropt nei in skoft automatysk op ta ûntromming.

De tiid tusken in melding en de automatyske ûntromming is no oprekt ta 6 minuten. Sa hat de organisaasje mear tiid om út te finen of it om echt of falsk alarm giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)