Thialf en KNSB slute nij kontrakt

08 jun 2015 - 12:52
  • Roozemond, Derks (foar Thialf) en Sanders en Dekker (KNSB) tekenje it kontrakt
  • Op It Hearrenfean wurdt drok wurde oan de bou fan it nije Thialf

IIsstadion Thialf op It Hearrenfean en reedridersbûn KNSB hawwe moandeitemiddei in nij kontrakt tekene oer de gearwurking foar de kommende fiif jier. Ofpraat is dat der op syn minst trije eveneminten yn it seizoen hâlden wurde. It giet om nasjonale en ynternasjonale reedrydwedstriden.

Neffens direkteur Eelco Derks fan Thialf is mei it kontrakt in ein kaam oan de muoisume relaasje tusken it reedriderbûn en Thialf. Dy waard in stik minder, doe't it KNSB plannen foar de bou fan in nij iisstadion yn Almere stypje woe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)