Thiadens nei Antonius

30 sep 2014 - 16:46

Jack Thiadens wurdt mei yngong fan 1 jannewaris 2015 de nije bestjoerder fan de Antonius Soarchgroep, mei sikehûzen yn Snits en Emmeloord. Thiadens folget dan Gerlach Cerfontaine op, dy't no tydlik de baas is.

Thiadens hat in soad ûnderfining yn de sûnenssoarch. Hy hat yn de ried fan bestjoer fan de sikehuzen yn Roermond en it Martini yn Grins sitten en hat him benammen hâlden mei gearwurkingsferbannen, nijbouplannen en fernijing yn de soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)