Thewis Hobma wint ljepperij

21 jun 2009 - 13:38
  • Thewis Hobma (foto: Martin de Jong)

It fierljeppen op It Heidenskip is sneontejûn yn de topklasse wûn troch Thewis Hobma fan Easthim. De winnende ôfstân wie 18,98 meter. Anna Jet Leyenaar fan Snits wûn it by de froulju mei 14,48 meter.

By de junioaren wie Jacob Scherjon de bêste, mei in sprong fan 18,93 meter. By de jonges gong de winst nei Albert Jan Venema mei 17,53 meter. De ljepper fan Feanwâlden hat njoggen wedstriden fan dit seizoen op syn namme skreaun. Mar ien kear wie hy net de bêste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)