Thewis Hobma wint Bûtenpost

31 jul 2010 - 08:26
  • Thewis Hobma (foto: Martin de Jong)

Thewis Hobma hat freedtejûn it fierljeppen yn Bûtenpost wûn. De ljepper út Easthim sprong 19.85. Rein van der Wal fan Parregea waard twadde mei 19.14. Hans Ulco de Boer fan Jutryp wie de bêste by de junioaren mei 18.41.

By de froulju stie der gjin maat op Hiske Galama. De Haulster sprong in nij skânsrekôr: 16.15. By de jonges wûn Gregor Boelens. De Baaiumer ljepte 16.30. Foar Age Hulder wie der gjin finale. Hy gie trije kear yn it wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)