Theun de Vries ferstoarn

22 jan 2005 - 13:14

Yn Amsterdam is skriuwer Theun de Vries yn 'e âldens fan 97 jier ferstoarn. De Vries hat mear as 170 titels skreaun wêrûnder bekende wurken as Stiefmoeder aarde en Het meisje met rode haar.

De Vries skreau benammen histoaryske en sosjale romans. Hy wie ek aktyf as dichter en toaniel- en harkspulskriuwer. Mei syn wurk hat er tal fan belangryk literêre prizen wûn, wêrunder de PC Hooftprijs. De Vries is yn 1907 berne yn Feanwâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)