Theo Postma wint Ronde Grins

14 mrt 2009 - 16:30

Hurdfytser Theo Postma fan Sweagerbosk hat de Ronde fan Grins wûn. Postma pakte dêrmei in protte punten foar syn feriening Otto Ebbens. Postma naaide yn de lêste kilometers út en kaam solo oer de einstreek. Roy Eefting út Grolloo waard twadde, Jeffrie van der Velde út Kropswolde waard tredde.

De Ronde fan Grins gong oer 160 kilometer en is de earste wedstriid yn de Noardlike klupkompetysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)