Theo Postma einwinner

04 jul 2009 - 23:41

Theo Postma pakte sneontejûn op de sechsde en lêste dei fan it Noordenveld-Westerkwartier de einoerwinning. De hurdfytser fan Sweagerbosk hie syn sinnen set op de giele trui en troch sels sterk te fytsen yn De Wylp slagge dat.

Postma waard tredde en dat wie genôch. De koers waard makke troch in trio: Theo Postma, Ruud Fransen en Martijn Verschoor. Dy lêste mocht ien ding net en dat wie de winst pakke. Ruud Fransen fan Nieuw Weerdinge wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)