Theo Postma 6e yn Veendam

29 mrt 2008 - 16:55

De twadde wedstriid fan de klubkompetysje, de Grutte Omloop fan de Feankoloaniën yn Veendam, is wûn troch Joost van Weerd út Deurningen. Nei 151 kilometer wie er de rapste fan in kopgroep fan seis man. Bêste Fries waard op in sechsde plak Theo Postma fan Sweagerbosk.

Theo Postma fytst foar Otto Ebbens fan De Westerein. Dy feriening stiet nei twa wedstriden as bêste Fryske ploech op it fyfde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)