Theo Pijper wint yn Forus

25 jun 2011 - 20:34
  • Theo Pijper (argyffoto)
  • Dirk Fabriek (argyffoto: Bert Swarts)

Theo Pijper hat yn Noarwegen de twadde wedstriid fan it WK langbaan wûn. Yn Forus waard de Fryske koereur yn de searjes in kear earste, twadde en in kear tredde. Ien kear helle er gjin punten. Nei in tredde plak yn de heale finale, waard dêrnei de finale wûn.

Dirk Fabriek hie yn de earste rit it ketting derôf. Dêrnei waard er twa kear tredde en in kear twadde. Yn de heale finale waard it in twadde plak. Troch it maleur yn de earste searje rûn Fabriek de finale mis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)