Theo Pijper nei Swindon

21 des 2007 - 10:57
  • Theo Pijper hat in nij kontrakt tekene

Gers- en speedwaykoereur Theo Pijper rydt it kommende seizoen foar de Swindon Robbins. By dizze Ingelske klub, dy't útkomt op it heechste nivo - de elite league - hat hy in kontrakt tekene foar in jier. Boppedat hat Pijper in nije materiaalsponsor: Stuha motors út Tsjechje.

De 27-jierrige Fries dy't dit jier Europeesk kampioen gersbaan waard, wol yn 2008 besykje om wrâldkampioen op de langbaan te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)