Theaterkick foar skoalbern

10 nov 2004 - 10:15

De kulturele sintra fan Balk, Kollum en De Gordyk komme mei in programma om jongeren nei it teater te lûken. Doel is dat jongeren fral yn har eigen doarp nei it teater geane. In gearwurking tusken skoalmienskip Gaasterland en teatergroep Dox út Utrecht moat dêr feroaring yn bringe.

Under de namme Theaterkick is woansdei in teaterdei yn Balk. Sechtich learlingen folgje dan workshops. Keunstwurk koördinearret it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)