Texel seit gearwurking op

13 aug 2003 - 00:00

Texel docht net langer mei yn it gearwurkingsferbân mei de oare fjouwer waadeilannen. It gemeentebestjoer fan Texel fynt dat it eilân mei syn 15 tûzen ynwenners grut genôch is om syn eigen saken te regeljen.

Der wurdt al fiif jier praat oer mear gearwurking tusken de waadeilannen. De oare fjouwer geane wol troch. Dat betsjut bygelyks dat der in mienskiplike personielsfunksjonaris komt en in juridysk stipepunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)