Texel lonkt nei Fryslân

11 jan 2006 - 15:05

De gemeente Texel driget Noard-Hollân te ferlitten en har oan te sluten by Fryslân. Dy warskôging komt fan de boargemaster fan Texel as reaksje op in útlitting fan de kommissaris fan de keninginne yn Noard-Hollân.

Dy fynt dat alle gemeentes yn Noard-Hollân mei minder as 30.000 ynwenners fusearje moatte mei in oare gemeente. Texel telt op dit stuit 13.000 ynwenners, mar de gemeente fynt dat se in spesjale posysje hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)