Testmiddei foar rappe boatsjes

06 jun 2006 - 14:50

In spesjale testmiddei foar jongeren mei in rap motorboatsje hat by Earnewâld in soad folk lutsen. Net allinnich de jongerein wie der, mar ek folwoeksenen mei echte speedboaten.

De plysje, it Fryske Gea en Provinsjale Wettersteat stiene klear om mei de boatsjes te racen. Mei in GPS-apparaat waard metten hoe hurd as se giene. De skippers fan de rappe boaten krigen gjin boete, mar foarljochting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)